Want wat nea fergiet is ús heidensk hert It hert dat de dreunen fan Mjöllnir heart En wat nea fergiet en wat altyd bliuwt Us grutskens, ús eare, de krêft fan in liuw Want wat der ek bart en wêr’t wy ek gean It is it bloed fan Ymir dat troch ús streamt Bûn oan de boarne, grutbrocht yn striid Us heidenske hert is wat wier nea fergiet Al binne wy ferjage fan hillige grûn Us risping en ús ekers oan it frjemdfolk jûn Ien ding bliuwt fan ús, dêr komt nimmen oan It leauwen yn ús goaden, it is in ûnbrekbere bân Soannen fan Inguz, Wêda sil foar jim stean En mank Ty en Tuner de einstriid yn gean En al wêr’t jim ek stjerre, dochters fan Nertha De ein is it begjin foar hja dy’t in heidensk hert ha Op de troan fan Fosite is ús eigen rjocht ûntsien En troch ús libben op it wetter is dat rjocht mei gien Wy binne eigensinnich, wy knibbelje nea en laitsje om de dea Wy binne eigenwiis, wy binne de Fries, dat wat nea fergiet