Sân deaden yn in skip op ‘e jûn Mei koppen sa wyt fan de dea sa swart Nei dy nacht waard it skip nea wer fûn Hat de lêste Fries ea wol bestien? Want it bloed fan syn line, dat is nea fergien It rint troch de ieren fan it folk fan syn soannen En kleuret de ierde op de Faroër eilannen Sân soannen, wie al dat bleau oer Want de goarre dy't gie skiede lichem en siel Mar net dat fan de soannen en de boer Sân reuzen mei de krêft fan in bear Sy fuorren it fjoer mei it fleis fan har freonen De kime teskroeid en de tiid naam in kear Seis stikken fan sulver en trije fan goud Foar in godshûs sa heech dat skrabbet it tek Fan wolken, in tsjerke fan stien en fan hout Fiif deilingtes lang fjochte noard doe tsjin súd En de grûn kleure read fan it bloed fan it folk Mar doe riid de Fries foar syn manskippen út Fjouwer ekers fier smiet de biskop syn stien Mar de reuzesoannen heinden him handich op Hja boarten dermei en fongen him ien foar ien Trije moanwiksels lang mei de bile yn syn hân Hie de biskop it dreech op in muorre sa heech Doe bejoech him de lea en hold er net langer stân Twa kear sloech de boer mei de bleate hân ta En de man yn it swart soe de moarn nea wer sjen De dea fan in smjunt soe de kristenman ha Ien blom bloeit hjoed op it grêf fan de boer Op it heechst fan de klif mei it eachweid op see Mar it neiskaai fan de boer en syn soannen bleau oer Mar it neiskaai fan de boer en soannen bleau oer