Oantaast yn ús libben Wolle frjemden harren God oan ús optwinge ‘Hy’ libbet yn boeken en stien Mar oer ús wetters, dêr hearsket mar ien De see sil jaan en de see sil ek nimme Wyn yn de silen, in nij Fryslân begjinne Gjin stoarm of weagen kinne ús noch wjerhâlde Om de Fries yn ús en ús goaden te behâlden Wêr’t de wyn ús ek bringt wy binne frij En Njord fart mei ús mei Jormungandr swimt ûnder ús mei Oer de rêch fan syn skym farre wy Thuner syn tongerjen, it klinkt rûnom En Njord syn stim foar eare en rom