Dus drink en doch mei ús mei En sjong fan it libben, it libben sa frij It ljocht sil skine en ûntkymje it leat Dus drink en doch mei ús mei En sjong fan it libben, it libben sa frij Lit ús earst lizze, tolve nachten en bleat Tsjettels mei drank steane klear Swyn oan ’t spit yn ‘e hal fan ‘e hear De swietrook fan feest lit ús dreame Jûl tsjinnet him oan, de mea sil wer streame Lang ha wy hoede de wale fan ‘t ljocht Yn tiden fan tsjuster doe’t de froast ús besocht Wy ferhellen fan foartiids, hellen skalden oan Tusken tûken fan spjirren, jûlbok yn ‘e brân It tsjil sil wer baarne en it hear sil wer jeie De sibben dy bringe in offer oan Freyr De hoarnen stjitte wy rimpen, oerstjoer En dûnsje dan dronken en neaken om ’t fjoer Oan al it moaie dat is komt in ein De drank is hast op, ik krij ‘m net mear oerein Tolve nachten pearje, tolve dagen bier Myn skonken as lead, myn eachlidden swier De griemmank fan koarre, fan mige en sied Noch ien swolch nim ik, noch ien op ‘e died Noch ien op de goaden, noch ien op jim Want it daagjen bringt ús it nije begjin