As it libben wer ûntspringt oan de kâlde, deade grûn As de fûgels harren wjukken wer slagge yn it rûn As de reinbôge ferskynt en de hazze springt troch de bosk Dan is Eastre dêr en sy bringt ús har ljocht Nei't de folle moanne ferskynt, lôget it maaitiidsfjoer De minskeman sil dûnsje, hiel Midgard is oerstjoer Us ikkers sille folstean, mei koarten kleurje hja grien Us bisten wurde drachtich, in seine foar eltsenien Eastre bring ús ljocht Eastre bring ús libben Foar dy it maaitiidsfjoer Ferskyn hjir yn ús midden